Geëngageerde sjoernalisten

Foar Koos Koster wie de sjoernalistyk gjin wurk, mar in manier fan libjen (boarne foto – Wikipedia)

Geëngageerd – dat liket in fergetten begryp út de jierren sechtich en santich fan de 20e ieu. Der binne ek hjoeddedei belutsen sjoernalisten, bygelyks de Fries Douwe Heeringa, de Nederlanner Matthijs van Nieuwkerk, de Dútse Maybrit Illner en de Amerikaanse Oprah Winfrey. Se bouwe fuort op it fûnemint fan de 20e ieuwske grûnlizzers.

Ljouwert

Ien fan de bekindste Fryske entûsjaste skriuwers wie Fenno Schoustra (1924-2012). Hy wie de grutte man fan ít wykblêd ’t Kleine Krantsje (1964-1997). Net it nijs stie sintraal, mar de nostalgy oer Ljouwert fan eartiids. Schoustra wurke lange tiid foar it sosjalistyske deiblêd Het Vrije Volk. In mooglike oerstap nei Rotterdam wie de Ljouwerter kranteman yn 1963 in brêge te fier. Mei leafde foar en kunde oer Fryslân en de Fryske haadstêd skreau er alle wiken syn ienmanskrante fol.

Fenno Schoustra by syn argyf (boarne foto – Wikipedia)

Befrijdingsteology

Koos Koster (1936-1982) wie op it earste gesicht Schoustra’s tsjinpoal. De dûmnyssoan fan St. Anne woe predikant wurde, wurke yn East-Dútslân, mar de sjoernalistyk luts mear. Hy gie nei Latyns-Amerika, skreau oer befrijdingsteology en rekke yn El Salvador belutsen by de striid tsjin de diktatuer. Yn 1982 waarden hy en trije kollega’s fermoard. De fjouwerfâldige oanslach, doedestiids wrâldnijs, is noch altyd in unikum. De dieders binne noait oanhâlden of berjochten. Sa goed as wis wiene it Salvadoraanse paramilitêren, dy’t net woene dat Koster skreau oer de smoarge saakjes yn harren lân.

Radiopraatsjes

Ek Georgi Markov (1929-1978) is hast fergetten. De Bulgaarse sjoernalist en toanielskriuwer wie yn de jierren sechtich in ferneamd skriuwer yn kommunistysk Bulgarije. Yn 1969 gie it mis, hy moast fluchtsje en bedarre yn Engelân. As sjoernalist foar de BBC fertelde er yn radioferhalen oer de geheimen fan de machthawwers yn Sofia. Dat noaske diktator Zjivkov net. Yn gearwurking mei de Sovjetrussyske KGB waard de skriuwer op 7 septimber 1978 yn Londen fermoard. It moardwapen wie unyk – in fergiftige paraplu.

Georgi Markov wie mei syn gesin gelokkich yn Engelân (boarne foto – Wikipedia)

Macht

Koster en Markov lieten it libben, omt se gefaarlik waarden foar de machthawwers. Harren protesten wiene logysk en terjocht, se pasten yn in tiid fan polityk engagemint. Mar de machthawwers woene net om lyk. Schoustra waard âld, hy skreau selden over polityk. De Ljouwerter sjoernalist hie likefolle passy as syn fermoarde kollega’s.

Televyzje

Heeringa, Van Nieuwkerk, Illner en Winfrey dogge harren wurk foar de televyzje, harren foargongers skreaune. Ek dat tekent de 21e ieu. Los fan it medium bliuwt engagemint nedich. As sjoernalisten net belutsen binnen by harren tema’s, wurdt it in deade boel.

Vassil Levski (boarne foto – auteur)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Hy soe de passy, dêr’t de sjoernalisten harren wurk mei diene, tajuichd hawwe. Lykas Koster en Markov betelle ek Levski mei syn libben. De revolusjonêr waard ophongen. Net ien fan harren soe it lykwols net oars dien hawwe. De polityk-korrekte koers fan tsjinwurdich wie net harren styl. Gean der foar – foar de folle 1000 prosint.

De ûnbekindste First Lady

Melanie Trump komt te wenjen yn it Wite Hûs yn Washington (boarne foto - Wikipedia)
Melanie Trump komt te wenjen yn it Wite Hûs yn Washington (boarne foto – Wikipedia)

Op 20 jannewaris 2017 wurdt Donald Trump offisjeel de nije presidint fan de Feriene Steaten. Syn frou Melanie is dan automatysk de nije First Lady. Se komt yn de fuotspoaren fan ferneamde foargongers lykas Jackie Kennedy, Hillary Clinton en Michelle Obama.

Opfallend

Gâns minder bekind is Nina Shtanski. Se wie in koart skoftsje First Lady fan in lân dat net bestiet. Har loopbaan is opfallend en boeiend. Se hie mei har figuer en uterlik maklik fotomodel wurde kinnen yn Parys, New York of Milaan. Se is lykwols grut wurden yn it ympearium fan Poetin.

De karrière fan Nina Shtanski wurdt ûnferwachts ûnderbrutsen (boarne foto - Wikpedia)
De karrière fan Nina Shtanski wurdt ûnferwachts ûnderbrutsen (boarne foto – Wikpedia)

Republyk

Se waard yn 1977 berne yn Tiraspol. Dat wie yn de Sovjet Uny, yn de dielrepublyk Moldavië. Doe’t it kommunistyske wrâldryk om 1990 hinne yn inoar stoarte, waard yn Moldavië omraak fochten. De nije republyk woe selsstannich wêze, miskien oanslute by Roemenië. Dêr woene de ynwenners fan de eastlike provinsje Transnistrië neat fan hawwe, sy woene by Ruslân hearre. Nei in wapene konflikt fan twa jier kaam der yn 1992 in wapenstilstân. Dy duorret noch altyd.

Erkenning

Transnistrië hat in parlemint, presidint, ferkiezings, muntienheid. Mar it is ynternasjonaal net erkind. Steatsrjochtlik heart it by Moldavië, mar de regearing yn Chisinau hat der neat te sizzen. Tiraspol leunt praktysk, moreel en finansjeel folslein op Moskou en Poetin.

Melanie Trump is First Lady yn in lân dat elkenien ken (boarne foto - Wikpedia)
Melanie Trump is First Lady yn in lân dat elkenien ken (boarne foto – Wikpedia)

Moai

Yn dat klimaat makke Nina Shtanski in opfallende karrière. Yn 2012 waard se minister fan Bûtenlânske Saken. Sa krige Transnistrië, dat in betinklike reputaasje hat fan in boevennêst, letterlik in moai gesicht nei bûten. Yn 2015 makke se de folgjende stap, se troude mei de presidint.

Boevesteat

Fan 1991 oant 2011 wie Igor Smirnov de sterke man fan Transnistrië. Hy hie de troepen oanfierd yn de boargeroarloch fan 1990-1992 Nei 20 jier sette it Kremlin him oan de kant, yn 2011 wûn de jonge Jevgeni Sjevtskuk de presidintsferkiezing. Mei dy syn moaie frou hie de boevesteat in perfekt gesicht nei bûten. Se wiene de Gorbatsjovs fan Transnistrië.

Nina Shtanski wie in koart skoftsje First Lady fan in lân (it giele op it kaartsje) dat offisjeel net bestiet (boarne foto - Wikipedia)
Nina Shtanski wie in koart skoftsje First Lady fan in lân (it giele op it kaartsje) dat offisjeel net bestiet (boarne foto – Wikipedia)

Utsûndering

Mar yn desimber 2016 waarsd Sjevtsjuk ûnferwachts net herkeazen. De reden is net dúdlik. Mooglik kaam Shtanski te ticht by it fjoer. Russen en Sovjets hawwe net folle fan dwaan mei First Lady’s. Raisa Gorbatsjov (1932-1999) wie de útsûndering dy’t de regel befestiget.

Ynienen

Melanie Trump is, as der neat frjemds bart, fjouwer of mooglik acht jier de bewenster fan it Wite Hûs yn Washington. Nina Shtanski har karrière as First Lady waard ûnferwachts ôfbrutsen. Mooglik giet se mei har man nei Moskou.

(boarne foto - auteur)
(boarne foto – auteur)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan hawwe?

Levski is nea troud, hy fûn dat by syn folsleine tawijing oan de revolusje gjin frou paste. Hy hie wol in tige naue bân mei sym mem en ek mei baba (beppe) Tonka, in wichtich lid fan it revolusjonêr komitee yn Rousse.

Krystfeest, of sinnewende?

Dizze dagen fiert it Westen it Krystfeest, it feest fan de berte fan Jezus Christus. Of fiere we de sinnewende? 21 desimber wie ommers de koartste dei. De sinnewende, dat is dochs in heidens, Germaans gebrûk? Of net? De wierheid leit yn it komplekse, boeiende midden.

De predikant dy't de wearde fan it heidendom seach (boarne foto - Wikipedia)
De predikant dy’t de wearde fan it heidendom seach (boarne foto – Wikipedia)

Heidens

In soad Christenen binne harren der net bewust fan, wolle it mooglik ek leaver net witte, mar harren leauwe sit grôtfol foarkristlike, heidense spoaren, It wurd heidens is beladen, hat in negative klank. Ds. Henk Vreekamp silger hat him yn de matearje ferdjippe en skreau der trije boeken oer.

Heliand

Yn Zwijgen bij volle maan, Veluwse verkenning van Edda, Evangelie en Tora (2003) ferkent en anayisearret er oan de hân fan Feluwse kuiertochten de Heliand, Dat is in tige nijsgjirrige tekst út de 8e ieuw, dêr’t de tsjerke in tige slagge poging mei die om it folk op de Feluwe te winnen foar de God fan Israel. De tsjerke fermong hiel tûk heidense eleminten mei it Christendom. Mei oare wurden – it nije, ûnbekinde leauwe waard mingd mei it âlde, fertroude. De Heliand wie PR, ieuwen foardat it wurd útfûn waard.

It earste diel fan Vreekamp syn trilogy oer Christendom en heidendom (boarne foto - Wikipedia)
It earste diel fan Vreekamp syn trilogy oer Christendom en heidendom (boarne foto – Wikipedia)

Pake

Yn syn twadde boek, De tovenaar en de dominee – over de verschijning van God (2010) giet Vreekamp ûnder oaren oan de hân fan syn eigen pake, fan wa’t sein waard dat er tsjoene koe, nei yn hoefier dat wittenskiplik te ferklearjen is. De predikant siket de grins tusken wittenskip en religy. Oft Vreekamp it antwurd fynt? Yn syn boek fertelt er it ferhaal.

Freya

Yn it tredde en lêste diel fan syn Feluwse trilogy, Als Freya zich laat zien – de code van het Chrisendom (2013) lit Vreekamp de fiktive Freya troch moetings mei de 12 apostelen de klassike geloofsbelidenis útskykje. Freya, nei wa’t de dei freed nei neamd is, fertsjinwurdiget it foarchristlike heidendom fan de Edda.

It Krystfeest is en bliuwt fansels ék it feest fan de berte fan Jezus Christus (boarne foto - Wikipedia)
It Krystfeest is en bliuwt fansels ék it feest fan de berte fan Jezus Christus (boarne foto – Wikipedia)

Natoer

Vreekamp toant oan dat heidens hielendal net ferkeard is, lykas Christenen faak tinke. It wurd betsjut fan de heide, oftewol de natoerminkske fan eartiids. Yn ús moderne, technologyske maatskippij is dy sawat útstoarn. It Krystfeest en de sinnewende is mar ien foarbyld derfan dat Christendom en heidendom folle mear mei inoar ferbûn binne as dat in soad minsken tinke.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Levski studearre om 1850 hinne foar pryster. Fanwegen in brutsen tasizzing yn de famylje besleat er revolusjonêr te wurden. Yn syn bekinsdste bynamme “Apostel fan de Bulgaarse frijheid” is te sjen hoe bot revolusje en religy mei inoar ferbûn binne.

De Bulgaarse Gysbert Japicx

It iennichste portret dat fan Gysbert Japicx bewarre is (boarne foto - Wikipedia)
It iennichste portret dat fan Gysbert Japicx bewarre is (boarne foto – Wikipedia)

Yn 2016 stiet Fryslân der by stil dat 350 jier lyn Gysbert Japicx (1603-1666) ferstoar. Mei syn Friesche Rymlerije (1668) hâlde er it Frysk libben yn in tiid dat de taal sawat útstoarn wie. De Bulgaar Paisii Hilendarski (1722-1773) die itselde foar it Bulgaars yn 1762.

Selsstannich

Fryslân en Bulgarije lykje twa ferskillende wrâlden oan de uteinen fan Europa, mar se hawwe it nedige mienskiplik. Yn 1498 ferlear Fryslân syn selsstannichheid en kaam it ûnder Saksysk gesach, yn 1813 waard it in provinsje yn de Nederlânske ienheidssteat. Yn de tuskenlizzende ieuwen wie it Frysk foar de dea opskreaun. Gysbert Japicx wie de wite raaf, dy’t de memmetaal fan de ûndergong rêde.

De Bulgaar oan it wurk mei syn ferneamde boek (boarne foto - Wikpedia)
De Bulgaar oan it wurk mei syn ferneamde boek (boarne foto – Wikpedia)

Skiednis

Bulgarije ferlear har selsstannigens yn 1396, doe’t it in Turkse kolony waard. Pas yn 1878 krige Sofia de politike hearskippij wer yn eigen hannen. De monnik Paisii Hilendarski skreau yn 1762 syn boek Istorija Slavjanobulgasrki (skiednis fan it Bulgaars-Slavyske folk). Dat wie de earste kear yn ieuwen dat in Bulgaar wer yn syn eigen taal skreau.

Beweging

Gysbert Japicx sljochte it paad foar de 19e ieuwse Fryske Beweging, mei foaroanmannen lykas Harmen Sytstra, dy’t De Wâldsang skreau, it “folksliet” fan de Fryske Wâlden. Tsjibbe Gearts van der Meulen wie de oprjochter fan de Bergumer Courant. De Grouster bruorren Halbertsma, benammen dûmny Joast en dokter Eeltsje, setten harren yn foar it heitelân, Rimen en teltsjes wie harren hichtepunt.

It Gysbert Japixc-hûs yn Boalsert (boarne foto - Wikipedia)
It Gysbert Japixc-hûs yn Boalsert (boarne foto – Wikipedia)

Polityk

De Bulgaren hiene harren Vuzrazhdane – nasjonale beweging – yn deselde 19e ieuw. Harren striid wie folle mar polityk en militêr, it lân wie ommers noch in Turkse kolony. Foaroanmannen lykas Georgi S. Rakovski en Ljuben Karavelov lieden Bulgaarse striders en fjochters op yn buorlân Servië, de revolusjonêr Vassil Levski wie ien fan de soldaten. De dichter Hristo Botev hie mear de romantyske ynslach. De leafde foar it heitelân hiene Friezen en Bulgaren mienskiplik.

De universiteit fan Plovidiv is neamd nei Paisii Hilendarski (boarne foto - Wikipedia)
De universiteit fan Plovidiv is neamd nei Paisii Hilendarski (boarne foto – Wikipedia)

Grutsk

It is moai en goed dat Fryslân 350 jier nei syn ferstjerren de Boalserter skoalmaster en dichter betinkt, de Bulgaren soene soks ek dien hawwe. Takom jier wurdt yn Sofia betocht dat Vassil Levski 180 jier lyn berne waard. Sa lit in folk it eigene sjen, en dêr meie Fryslân en Bulgarije wiis mei wêze. De Bulgaren binne ommers de Friezen fan de Balkan – grutsk, koppich en ûnôfhinklik. Dat is goed yn de hjoeddeiske, mondialisearjende wrâld.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

It is net bekind oft Levski it boek fan Paisii lêzen hat, mar hy soe it folslein mei de monnik en mei Gysbert Japicx iens west hawwe, op te kommen foar eigen folk, taal en kultuer. De trije manlju namen it op tsjin in dominante, oerhearskjende macht. De Apostel fan de Bulgaarse frijheid hie it foardiel dat it Ottomaanse Ryk tidens syn libben oer it hichtepunt hinne wie.

 

Il n’y a que la Wallonie

Magnette hâlde earst knap de kop derfoar, mar joech lang om let dochs belies (boarne foto - Wikipedia)
Magnette hâlde earst knap de kop derfoar, mar joech lang om let dochs belies (boarne foto – Wikipedia)

It wie heal oktober in sterk stikje fan de Waalse premier Paul Magnette. Hy ommers wie it, dy’t it CETA-ferdrach tsjinhâlde, foar de frije hannel tusken Europa en Kanada. Is it in handige, politike set fan de sosjalist? Of sit der mear achter?

Yngewikkeld

De PS (Parti Socialiste) is al jierren de dominante partij yn Wallonië, krekt lykas de CD&V (kristen-demokraten) dat yn Flaanderen wie. Is it de swakte of just de krêft fan it komplekse, Belgyske bestjoer dat in gewestlike regearing in beslút ophâlde kin, dêr’t 27,5 Europese lidsteaten it mei iens binne?

It "lytse Elysée" (boarne foto - Wikipedia)
It “lytse Elysée” (boarne foto – Wikipedia)

Elysette

It ferdrach hat in stikmannich neoliberale eleminten, dêr’t in goede sosjalist útsoarte tsjin wêze moat.Mar der is mear te rêden. Fan Nederlân út besjoen is Wallonië “it oare België”, in lyts Frankryk. It gebou fan de Waalse regearing hjit “Elysette”, dat liket it ferlytswurd fan it Frânse “Elysee”. Sa besjoen is Flaanderen “it oare Nederlân”, dêr’t Den Haach wol de taal mei dielt, mar dêr’t de kultuer dochs sa oars is.

Fiif

Dat docht lykwols ûnrjocht oan België. Yn 1830 krige it lân syn hjoeddeiske foarm. Nei in rige grûnwetswizigingen sûnt 1970 hawwe se in bestoerlike konsensus útdoktere, dêr’t Flamingen en Walen harren goed by fiele. Elk hawwe har eigen parlement en regearing. Dat jildt ek foar Brussel, foar de Frânstalige mienskip (dat is Wallonië en de Frânstaligen yn Brussel) en foar België as gehiel. Dat lêste is it federale nivo, te fergelykjen mei Dútslân en Amerika. Mei fiif parleminten en likefolle regearingen is it in tige kompleks bestjoerlik systeem. Mar it wurket.

Douwe Heeringa song Brel's chansons yn it Frysk (boarne foto - Wikipedia)
Douwe Heeringa song Brel’s chansons yn it Frysk (boarne foto – Wikipedia)

Labyrinth

Mar wêrom is Namen de haadstêd fan Wallonië? Luik is dochs de earste stêd fan Frânstalich België? En wêrom is it Flaams parlemint yn Brussel, wylst dochs Antwerpen de wichtichste stêd is yn Nederlânstalich België? Dat binne bestoerlike oplossingen yn it Belgysk labyrinth, dêr’t Den Haach en Brussel, mei elk harren eigen unitêre belied, noch wat fan leare kinne.

Goeds

Dan soe men suver ferjitte datst yn België hearlik ite en drinke kinst, en dat se er it hurdfytsen sa ûngefear útfûn hawwe. De Rûnde fan Flaanderen en Luik-Bastenaken-Luik binne elk jier yn april de hichtepunten. Hurdfytsers lykas Claude Criquelion en Philippe Gilbert meitsje dúdlik dat in soad goeds komt út Frânstalich België. De yn Brussel berne Jacques Brel song prachtich Ne me quitte pas. Douwe Heeringa makke fan de ferskes fan de trûbadoer oait de prachtige bondel en CD Brel in Fries. De yn de Luik berne Georges Simenion skreau syn romans oer ynspekteur Maigret, dy’t yn reinirich Parys de misdieden oplost. Paul Magnette folget de goede foarbylden yn politike sin, jout Wallonië op’e nij har plak op de wrâldkaart. Il n’y a que la Wallon (allinne Wallonië telt).

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

©  Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Hy soe it folslein iens west hawwe mei Magnette. Jo moatte net (automatysk) akkoart gean mei it beslút fan hegere machten. Yn it gefal fan de Waalse premier binne dat der sels twa – de EU en Kanada. Levski naam it op tsjin it destiids hast almachtige Ottomaanse Ryk. De revolusjonêr betelle de heechste priis. Hy soe fûn hawwe dat Magnette de kop der wat langer foarhâlde moatten hie.

Hoe bysûnder wie Obama?

Hy is in mânsk goede prater, mar wie er ek in sterke presidint? (boarne foto - Wikipedia)
Hy is in mânsk goede prater, mar wie er ek in sterke presidint? (boarne foto – Wikipedia)

Oer in pear moanne is it presidintskip fam Barack Obama dien. Op 8 novimber 2016 wurdt syn opfolg(st)er keazen, op 21 jannewaris 2017 wuirdt dy ynaugurearre. Hoe bysûnder wie de ambtsperioade fan de earste, swarte presidint fan de Feriene Steaten?

De ferwachtingen wiene withoeheech doe’t er op 21 jannewaris 2009 offisjeel ien fan de machtichste manlju op’e ierde waatd. Op 4 novimber 2008 hie de ynternasjonale mienskip de swarte Demokraat o sa hertlik wolkom hjitten as it nije steatshaad fan Amerika. De Nobelpriis foar de Frede yn 2009 wie de bekroaning foar de súksesfolle begjintiid.

Wjerstân

De Republikeinse wjerstân yn it Kongres wie kykwols ôfgryslik grut. It sluten fan Guantanamo Bay, syn earste gruttte ferkiezingstasizzing, gie yn acht jier tige dreech. It homohouklik en Obamacare wiene knappe oerwinnings, mar brochten dochs net de ferwachte gloarje.

Hy feriene it Súd-Afrika nei de fal fan it Apartheidssysteem yn 1990 (boarne foto - Wikipedia)
Hy feriene it Súd-Afrika nei de fal fan it Apartheidssysteem yn 1990 (boarne foto – Wikipedia)

Nederlân hie in fergelykber gefal. Yn 1994 sette it earste, pearse kabinet útein. Foar it earst yn mear as 70 jier siet der gjin kristlike partij yn it kabinet. Kok, sa die al rillegau bliken, wie in deagewoane premier, dy’t allinne mei in neoliberale koers de PvdA yn it regear hâlde koe. It drama-Srebrenica yn 1995 wie de earste, grutte teloarstelling. Lykas by Obama wie nei acht jier alle glâns folslein fuort. Fortuyn fage yn 2002 de grûn oan mei Kok syn politike erfenis, krekt lykas Trump dat mooglik mei Obama sines dwaan sil.

Fersoening

Súd-Afrika is grif in bettere spegel. Nelsion Mandela wie as presidint (1994-1999) in ikoan, dy’t mei syn fersoeningspolityk syn âlde fijannen net ferfolge. Allinne de hiel grutten kinne soks, Mandela hat syn lân yn it post-Apartheid tiidrek grif behoede foar in boargeroarloch. Syn jierrenlange ferbliuw yn it finzenis (1963-1990) joegen him in status, dy’t Obama nea hân hat.

De rol fan politikus lei de (eardere) kening net rjocht (boarne foto - Wikipedia)
De rol fan politikus lei de (eardere) kening net rjocht (boarne foto – Wikipedia)

Yn Bulgarije joech (de eardere) kening Simeon II as premier Saxecoburggotski (2001-2005) syn folk de hope, dêr’t it sa driuwend ferlet fan hie. Nei de fal fan it kommunisme yn 1989 wie it Balkanlân in folsleine chaos. De Fluwelen Revolúsje yn 1997 liet sjen dat de Bulgaren foar harren sels en harren takomst opkomme, as it der om knypt. Doe’t de kommunisten yn 2005 weromkamen oan’e macht, hie Simeon alle glâns ferlern.

Mithysk

As Obama fermoarde wie, krekt lykas syn legendaryske foargonger Kennedy, dan hie er grif in symboal wurden, mooglik in mythe. Mar in moard op it earste, swarte presidint koe de Feriene Steaten, dy’t njonkelytsen har liedende macht yn’e wrâld bytsje by bytsje kwytrekket, har net barre litte. It soe ûnherstelber gesichtsferlies oplevere hawwe.

Yn novimber kieze de Amerikanen (mooglik) in gewoane presidint, Yn Bulgarije folge de saaie Stanishev kening Simeon op. Yn Nederlân kaam de neatsizzende Balkenende nei Kok. En yn Súd-Afrika folge de ûnbekinde Mbeki Mandela op. Nei in bysûndere lieder hat in lân in perioade fan ôfkuolling nedich.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Foar Levski wie it net wichtich oft in lieder spesjaal of gewoan wie. Yn it Bulgaarse legioen yn Belgrado yn 1862, dêr’t Levski it fak fan revolusjonêr learde, wie Georgi S. Rakovski de lieder en it grutte, goede foarbyld foar de Apostel fan de Bulgaarse Frijheid. Foar Levski wie it wichtich dat it folk syn lieder demokratysk kiest. De keazen man moat op syn bar it folk op de juste manier liede. Sa jout er it goede foarbyld.

Fryske Isabel Allende

Frou Spaanderman, ferhalefertelster út de Fryske Wâlden (boarne foto - Wikipedy)
Frou Spaanderman, ferhalefertelster út de Fryske Wâlden (boarne foto – Wikipedy)

Yn 2016 is it 45 jier lyn dat se ferstoar en 60 jier nei har bekindste boek It goudene ûleboerd. As populêre skriuwster hie frou G. Spaanderman-Wielinga (1899-1971) wol wat fan Isabel Allende (1942). Bob Spoelstra, better bekind as Balkanauteur A. den Doolaard (1901-1994), skreau yn deselde trant.

Isabel Allende bruts yn 1982 troch mei La casa de los espiritus. Yn de Nederlânske oersetting waard dat Het huis met de geesten. It wie it begjin fan in lange rige romans. Den Doolaard wie yn syn tiid hiel bekind yn Nederlân en op de Balkan. Sûnt 2006 binne der yn de Masedonyske stêd Ohrid in museum en in stânbyld fan de skriuwer.

Wedstryd

Yn 1956 wie It goudene ûleboerd yn Fryslân in grut súkses. Frou Spaanderman wûn der de romanpriisfraach fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) mei. Yn 1979 kaam de twadde printinge, 1984 waard it as iepenloftspul opfierd yn Burgum, yn 1986 wie de tredde útjefte en yn 2005 waard it as ienakter skreaun.

De skriuwster sketste op har eigen, byldzjende wize de wrâld dêr’t de boeren it foar it sizzen hiene. Se koe dat fermidden út de ferhalen fan har famylje en út eigen ûnderfining út Sumar. Dêr wenne se in skoft, de roman spilet him yn dy kontreien ôf. Yn 1964 wûn se mei har roman It loeder fan Clancarty op’e nij de priisfraach fan de kristlike boekeklub. Se skreau ek noch in hânfol oere boeken.

Weropbou

Den Doolaard skreau yn deselde meinimmende folkstrant. Hy waard it bekindst mei syn hânfol romans oer de Balkan, de bekindste wie De herberg met het hoefijzer (1933). Hy hie syn hichtepunt yn de jierren 30 fan de 20e ieu, doe’t er yn Súd-East Europa reizge. Frou Spaanderman skreau har boeken yn de tiid fan de weropbou nei 1945.

Isabel Allende is famylje fan Salvador Allende, dy’t yn 1973 yn Sjili fermoard waard. Se wie in skoft sjoernalist yn Súd-Amerikaanse lannen, mar wennet al jierren yn de Feriene Steaten.

De pleats fan de Timminga's út de roman fan frou Spaanderman (boarne foto - Wikipedy)
De pleats fan de Timminga’s út de roman fan frou Spaanderman (boarne foto – Wikipedy)

Triomftocht

Se giet troch mei har wrâldwide triomftocht. It is de fraach of de Fryske folksskriuwster dat ek wollen hie. Den Doolaard hie in goede noas foar publisiteit, Isabel Allende besjocht dat mear as eat dat by it fak fan skriuwer heart. De boerewrâld dêr’t frou Spaanderman oer skreau bestiet allang net mear. Mar dêrom bliuwe har boeken de muoite wurdich.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Hy soe it hiel goed fûn hawwe dat de de trije auterus harren eigen boeken skreaune en sa harren eigen oeuvre bouden. Levski kaam ta de ûntdekking dat de Bulgaren harren op eigen kracht befrije moasten fan de Turkske oerhearsking.

Swarte widdowen

Lêsten ferstoar Margot Honecker, de widdow fan de eardere DDR-lieder Erich Honecker. Se hat nei de fal fan it kommunisme yn 1989 altyd folhâlden dat East-Dútslân in goed en rjochtfeardich lân wie. Nederlân hie mei Florrie Rost van Tonningen ek sa’n swarte widdow.

In "Genossin" foar it libben (boarne foto - Wikipedia)
In “Genossin” foar it libben (boarne foto – Wikipedia)

Margot Honecker waard ek wol de East-Dútse Iron Lady neamd. Yn 1953 troude de doe 26-jierrige Margot Feist mei Erich Honecker. Fan 1963 oant 1989 wie se minister fan ûnderwiis. Se fierde as oprjochte “Genossin Ministerin” de kommunistyske ideology rücksichtslos troch yn it East-Dútse ûnderwiis. Se stie folslein achter it hurde, dogmatyske belied fan Moskou.

Skaad

Fan 1985 ôf feroaren de saken,.Mei de herfoarmingen fan Sovjet-lieder Gorbatsjob waaide der in oare wyn troch it grize, sombere Eastblok. Hoewol Margot Honecker neffens de tiidgeast yn it skaad fan har man bleau en nea in First Lady waard, wie har ûnderwiisbelied krachtig. Mar by de frisse, jonge Raisa Gorbatsjov stiek de East-Dútse dochs wat bleekjes ôf.

Yn 1993 giene de Honeckers nei Sjili, dêr’t harren dochter Sonja wenne. De eardere diktator ferstoar in jier letter. Syn widdow hat de DDR alyd mei fjoer en faasje ferdigene. By har begraffenis wie noch in hânfol âlde “Genossen.”

Se seach der tige by tige út, mar har ideeën wiene absolút ferkeard (boarne foto - Wikipedia)
Se seach der tige by tige út, mar har ideeën wiene absolút ferkeard (boarne foto – Wikipedia)

(Sels) Moard

Florrie Heubel waard berne yn 1914 en troude yn 1940 mei Meinoud Marinus Rost van Tonningen, ien fan de NSB-foaroanmannen. Yn 1945 ferstoar hy yn de gefangenis yn Scheveningen. It is nea dúdlik wurden hoe en wat. De regearing beweart dat er selsmoard pleegde, syn widdow hat aktyd sein dat har man fermoad waard.

Nei 1945 waard it minder foar de widdow Rost van Tonningen. Mar har libben lang hâlde se fol dat de Nazi-ideology goed wie, kamen der neonazi’s by har thús en neamde se konsintraasjekampen “ferfelend mar needsaaklik”. Doe’t se yn 2007 ferstoar hiene har bern allang ôfstân naam fan har ideology.

Tiidgeast

De beiden dames seagen der tige fersoarge út, hiene in kreas boskje hier en praten beskaafd. De foarm wie dus dik foarinoar, mar harren ideeen wiene fouter as fout en ferkearder as ferkeard. Polityk en ideologysk wie Margot Honecker uterst links en Rost van Tonningen ekstreem rjochts, De beide froulju dielden de opfettingen fan harren echtgenoaten silger. Hoe mear as se de tiidgeast tsjinhiene, hoe mear as folhâlden oan harren eigen ideologyen. De irony wol dat dat ergens respekt ôftwingt. En dat is gefaarlik omt harren opfettingen in soad tsjinstanners it libben kostte. Dat seagen de beide dames as in needsaaklik kwea.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Hy soe it folslein net iens west hawwe mei de ideologyen fan de swarte widdowen Levski skreau yn 1869 syn boek oer in takomstich, demokratysk Bulgarije. De beide froulju hâlden fêst oan idelogyen út de 20e ieu. Levski wie yn de 19e ieu syn tiid fier foarút.

Gjin Brexit

Op 23 juny 2015 meie de Britten yn in referindum bepale oft se yn de EU bliuwe wolle. Nei syn ferkiezingsoerwinning yn 2015 is premier Cameron wis fan syn saak. De Londense bankiers binne dat net. Wurdt it spannend?

Margaret Thatcher drige wol, mar bleau yn de EU (boarne foto - Wikipedia)
Margaret Thatcher drige wol, mar bleau yn de EU (boarne foto – Wikipedia)

De Ingelsen bliuwe sa goed as wis yn it Brusselse machtsblok. Sûnt 1973 binne se dat, hoewol altyd wat tsjin it sin. Margaret Thatcher hie yn de jierren tachtich de slogan: ‘I want my money back.; Cameron spilet it spul diplomatiker.

Basis

Sûnt 1957 is it fûnemin fan de EU de gearwurkng tusken Frankryjk en (West-) Dútslân. Rusken 1870 en 1945 fochten se trije oarloggen úr, dêrnei woene se frede. Iatlië en it Feriene Keninkryk binne de oare beide Europese steunpliaten. De lêste tiid toane Poalen en Hongarije de nije, eastlike balâns..

Kieze de Britten ûnferwachts dochs foar 'splendid isolation'? (boarne foto - Wikipedia)
Kieze de Britten ûnferwachts dochs foar ‘splendid isolation’? (boarne foto – Wikipedia)

Nee, nee, en wer nee

De ôfrûne jierren wie der praat fan in mooglike Grexit. Premier Tsipras ferlear de striid mei de finansjele wrâld, en Grikenlân bleau binnen de EU. De organisatoaren fan it referindum oer it ferdrach mei Oekraïne joegen ta dat it harren eins om hiel wat oars gie – Nederlân út de EU. Ek dat barde net. Yn de tiid fan de Grykske krisis wie de mooglikheid fan twa euro’s. De sterke euro (‘n-euro”) foar de noardlike, rike lidsteaten en de wat swakkere euro (’z-euro”) foar de súdlike, earmere lannen. Ek dat barde net.

Lykwicht

As de Britten ûnferwachts kieze foar in Brexit, dat wirdt it Europese lykwicht knap troch inoar skodde. In Ingels fertrek is folle drastysker as dat fan Grikenlân of Nederlân. De Londense bankiers wurde knap senuwachtich en hâlde in pro-EU kampanje. Mar dat is allinne in finansjele facade. By in Brexit wurde se heechút wat minder smoarryk, de Britse ekonomy kin dy skok wol oan. Londen wie ea it sintrum fan it Britse koloniale wrâldryk, sûnt inkelde desennia is it mei New York, Sjanghai, Dubai en Frankfurt ien fan de finansjele wrâldhaadsteden.

Of hâldt Cameron syn folk ek nei 43 jier by de EU? (boarne foto - Wikipedia)
Of hâldt Cameron syn folk ek nei 43 jier by de EU? (boarne foto – Wikipedia)

Trump

Der binne boppedat oare, driuwender kwestjes, Yn it foarste plak driget Europa te beswiken ûnder it fraachstik fan de fluchtelingen. Twads is it de fraach oft in mooglike Amerikaanse presidint Trump syn driigjende ferkiezingstaal útfiere sil. Treds is it noch altyd ûnrêstich yn de Arabyske wrâld. In mooglike Brexit feroaret neat oan al dy saken.

 

 

 

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn haw?

Hy soe it hiel goed fûnn haw dat de Britten dizze kwestje selsstannich en demokratysk oplosse. Yn 1869 skreau Levski “Hillige, skjinne republyk” oer in takomstich, demokratysk Bulgarije, Nei syn betinken kinne de Britten better yn de EU bliuwe. De rol fan krityske beskôger is better fan binnenút as ergens oan de bûtenkant.

Súd-Moluks tsjinwicht by oanslach Brussel

Nei Madrid yn 2004, Londen yn 2005 en Parys yn 2015 hawwe terroristen dizkear yn Brussel taslein. It past yn de sfear fan eangsteme en haat dy’t op 11 septimber 2001 begûn. De oanslachplegers kiunne wize lessen fan de Súd-Molukkers.

Rocky Tuhuteru as entûsjaste presintator (boarne foto - Wikipedia)
Rocky Tuhuteru as entûsjaste presintator (boarne foto – Wikipedia)

It is fan’t jier 65 jier lyn dat se út Indonesië nei Nederlân kamen. Se binne in fergetten groep allochtoanen. Sa bit ferjitten, dat se suver autiochtoan binne. Mar yn de harren en herten libbet noch altyd de Súd-Molukse geast.

Lessen

Yn de jierren sechtich en santich fan de 20e ieu saaiden se panyk en ferwarring. De treinkaoing by Wijster yn 1975 wie it dramatyske djiptepunt. It wie folslein ôf te keuren, mar wiene wol in skreau foar omtinken,. De Súd-molukkers fielden harren hielendal yn’e steek litten troch de Nederlânske oerheid. Se hawwe út dy swarte jierren wize lessen leard.

Somon Tahamata en Rocky Tuhuteru lieten sjen hoe’t it wol koe Tahamata spile foar Ajax (1976-1980) en Feyenoord (1984-1987). Tuhuteru wie presintatot (1987-2000) fan it populêre radiosportprogramma Langs de lijn. Harren wurk hie neat te krijen mei de Súd-Moukse saak en dêr siet nio krekt de krêft. Se lieten sjen dat harren folk it mei gewoan hurd wurkjen in hiel ein oprêde koe yn Nederlân.

Van Istendael op syn bêst as ferteller oer Brussel (boarne foto - auteur)
Van Istendael op syn bêst as ferteller oer Brussel (boarne foto – auteur)

Hoop

Yn bange dagen jouwe yntellektuelen lykas skriuwersm dichters en sjongers hoop. De Flaamske skriuwer en rasferteller Geert van Istendael beskriuwt yn syn klassiker Arm Brussel (1992, 6e printinge 2013) de goede en minne kanten fan de Belgyske haadstêd. De Nederlânske sjongeres en troubadour Liesbeth List besong yn Brussel (1970) de fearkrêft fan de stêd..

De Balkan jouwt in nuttige spegel Rusken 1918 en 1934 terrorisearre de YMRO (Ynterne Masedoanyske Revolusjonêre Organisaasje).de regio. Yn 1918 waard Masedonië ferparte oer Bulgarije, Grikenlân en Joegoslavië. De YMRO wie op histoaryske grûnen fan betinken dat Masedonië by Bulgarije hearde.

Ferdield

De organisaasje liet gjin inkeld middel ûnbenut om dat doel te berikken. It wie in steat-yn-de-steat mei in eigen leger, rjochtspraak en belêstingen.Mei oanslaggen yn Sofia ferswakten se de dochs al net sa sterke Bulgaarse demokrasy. Balkanskriuwerf A. den Doolaard wie der tige kritysk oer. Om 1925 hinne rekke de YMRO ferdield troch ynterne diskusjes. Yn 1943 makke de Bulgaarse oerheid der definityf in ein oan

Tsjinwurdich is Bulgaars Masedonië, mei it moaie Pirin-geberchte, in populêr wintersportgebiet.

(boarne foto - Wikipedia)
(boarne foto – Wikipedia)

Ta einbeslút – wat soe Levski der fan fûn hawwe?

Hy soe oip de oanslach yn Brussel tsjin west hawwe. Mei in klimaat fan eangsteme en haar berikt men net sa;’n soad. As men tsjin it oerhearskjende bewâld is, is de revolusje de iennichste oplossing.